Raard Boarnwert Foudgum

Raard Boarnwert Foudgum Nieuws en informatie uit Raard, Boarnwert en Foudgum.

📰❗Net ferjitte! Komend weekend (29 en 30 mei) staat de oud papier container weer klaar om gevuld te worden met vele kilo...
27/05/2026

📰❗Net ferjitte! Komend weekend (29 en 30 mei) staat de oud papier container weer klaar om gevuld te worden met vele kilo's papier.

De opbrengsten van de inzameling gaan natuurlijk ook dit jaar weer naar KBS Bernewird 🏫🚌

Wat in moaie opkomst by it fiskjen yn Raard! En dat net allinnich: it waar wie ek nochris prachtich. De FFFR eo (Fryske ...
26/05/2026

Wat in moaie opkomst by it fiskjen yn Raard! En dat net allinnich: it waar wie ek nochris prachtich.

De FFFR eo (Fryske Fisk Federaasje Raard eo) hie dúdlik in wiis beslút naam troch de wedstriid in wike te ferpleatsen fanwege it minne waar.

Yn totaal dienen der 18 fiskers mei én wienen der ek nochris sa’n 18 supporters lâns de kant. Mei-inoar waarden der mar leafst 187 fisken fongen 🎣

💪Jeugd
By de jeugd oant en mei 13 jier waard Roan kampioen mei 15 fisken. Hy gie nei hûs mei in moaie hengel mei túchje. Dêrneist wienen der mar leafst trije fiskers op it twadde plak mei seis fisken:

Werner krige in nije hengel omdat syn eigen midden yn de striid stikken gie;
Marten Douwe krige in moai túchje omdat syn materiaal net hielendal yn oarder wie;
Renske krige in onthaakmatte.

🏆 Alderein
By de âlderein wie it lang spannend. Net allinnich foar it earste en twadde plak, mar seker ek foar it tredde plak. De bruorren Ruurd en Jan sieten neist elkoar te fiskjen en striiden der flink om. Diskear moast Jan it ôflizze. Ruurd einige mei 23 fisken en Jan krige, omdat it dochs wat sneu wie, de poedelpriis.

De echte striid om de winst gie tusken Jeroen en Rutmer Jan. Lange tiid stie Jeroen foar, mar stadichoan kaam Rutmer Jan tichterby. By 27 fisken stienen se gelyk, mar dêrnei wie Rutmer Jan net mear te hâlden. Hy wûn úteinlik mei 47 fisken tsjin 40 foar Jeroen.

👏 In earf***e fermelding wie der foar Jaap Postma, dy’t de grutste fisk fan de jûn fong.

Al mei al wie it in prachtige jûn fol gesellichheid, moaie ferhalen en fansels in soad fisk. Wat de FFFR betreft: oant takom jier!

Rick, Lars, Ytzen en Han

📸📷 Foto's
Alle foto's fynst yn it online fotoalbum fia 124501206@N04/sets/." rel="ugc" target="_blank">https://www.flickr.com/photos/124501206@N04/sets/.

Moarn, 22 maaie: Klaverjassen yn de Nije Pôle!
21/05/2026

Moarn, 22 maaie: Klaverjassen yn de Nije Pôle!

☀🎣 It waar wurdt geweldich en opjaan kin noch!
19/05/2026

☀🎣 It waar wurdt geweldich en opjaan kin noch!

🍡🍻 Freedtemiddeisborrel  mei Barbecue en Toulûken.Komst ek mei iten? Jou dy gau op by Mariska foar in lekkere en geselli...
18/05/2026

🍡🍻 Freedtemiddeisborrel mei Barbecue en Toulûken.

Komst ek mei iten? Jou dy gau op by Mariska foar in lekkere en gesellige jûn!

❗Let op!! De Fiskwedstriid skôwe we op nei freed 22 maaie!Dit in verband met de weersvoorspelling. Je hebt dus nog een w...
13/05/2026

❗Let op!! De Fiskwedstriid skôwe we op nei freed 22 maaie!

Dit in verband met de weersvoorspelling. Je hebt dus nog een week langer de tijd om je op te geven! Als het meezit, zitten we op 22 mei dan gewoon lekker in het zonnetje te vissen 🎣☀️

🍻 De Freedtemiddeisborrel gaat aanstaande vrijdag wél gewoon door.
Dus: sin oan in borrel, wat gesellichheid of in bakje patat? Dan sjogge we dy freed gewoan yn it doarpshûs! 😄

Hast do dy al opjoen? 🐋🦈
11/05/2026

Hast do dy al opjoen? 🐋🦈

🎣 Fiskwedstriid op 15 maaie!

De bern striide om medailles en fiskguod 🏅
Foar de âlderein binne der moaie fleisprizen te winnen 🏆

Jou dy gau op by Ytzen.

🎣 Fiskwedstriid op 15 maaie!De bern striide om medailles en fiskguod 🏅Foar de âlderein binne der moaie fleisprizen te wi...
05/05/2026

🎣 Fiskwedstriid op 15 maaie!

De bern striide om medailles en fiskguod 🏅
Foar de âlderein binne der moaie fleisprizen te winnen 🏆

Jou dy gau op by Ytzen.

🏆🎱 Biljartkampioenen 2025-2026!Twa kampioenen by it biljarten disse kear, wêrby dr mar ien de beker yn hannen krige.Piet...
01/05/2026

🏆🎱 Biljartkampioenen 2025-2026!

Twa kampioenen by it biljarten disse kear, wêrby dr mar ien de beker yn hannen krige.

Pieter Bosch en Leo Smidt hienen lyke f***e punten. Dertroch ha se op'e lêste jûn fan it seizoen noch in lêste pot spyle en is úteinlik Leo mei de beker op'e rêch nei hûs fietst.

It wie spannend tot de lêste wiken wêrby Hylke Meindertsma de kâns hie om't kampioen te wurden. Hy hie it self yn hannen mar tot syn eigen ergernis had hy dit fergriemd. Hylke kryg in moaie oorkonde (foar de bijna kampioen).

De poedel gie dit jier nei Douwe Veenema út Foudgum. Wy binne tige wiis mei ús nije lid en sjoen nei syn stijgende lijn yn't spul sjoche we in kampioen foar de takomst.

Sjoerd waar yn't sintsje setten troch de feriening, de tekst op de foto hjirûnder seit genôch!

Op'e lêste jûnne wie it ek bakje biljarten die úteinlik won waar troch Sietse yn in bloedstollende finale mei Han. 💪

Adres

Van Kleffenswei 6-A
Raard
9155AM

Meldingen

Wees de eerste die het weet en laat ons u een e-mail sturen wanneer Raard Boarnwert Foudgum nieuws en promoties plaatst. Uw e-mailadres wordt niet voor andere doeleinden gebruikt en u kunt zich op elk gewenst moment afmelden.

Delen