21/06/2026
Eppie hat prachtige, ynspirearende teksten skreaun. In protte fan dizze teksten binne op muzyk set. Wy sjonge se mei ús Kwartettekoar.
Dizze teksten sette je o sa oan ta tinken en helpe de syktochten yn it libben ûnder wurden te bringen. Sa as Eppie syn leauwen ferbynt mei it handeljen yn de wrâld, dat is sá ferrikend!
Eppie kin gjin nije teksten mear skriuwe, mar syn wurden bliuwe ús ynspirearjen en pakke ús by it hert.
Tank Eppie datst dit sa oan ús, oan de wrâld trochjûn hast.
Yn 2017 krige Eppie Dam de Gysbert Japicx-priis foar de dichtbondel 'Fallend ljocht'.